Partij voor de Dieren stelt Keamerfragen oer brân Nijewier

16 aug 2019 - 18:47

De Twadde Keamerleden Van Raan en Wassenberg fan de Partij voor de Dieren hawwe fragen steld oer de stalbrân yn Nijewier wêrby't 42.000 hinnen omkaam binne.

Foto: De Vries Media

Neffens de beide Keamerleden moat it kabinet maatregels nimme dy't brânen yn sokke stallen foarkomme kin. De Keamerleden binne fan betinken dat it kabinet te min docht oan it foarkommen fan brannen yn stâlen. Fierder wol de partij witte of de boer yn Nijewier oan alle wetlike foarskriften foldie en oft der yn Nijewier genôch dien wie oan brânprevinsje.

By it earste ûndersyk nei de brân waard al gau dúdlik dat de stâlen yn Nijewier koartlyn noch ynspektearre wiene, en dat se foldiene oan alle easken.

De Partij voor de Dieren wol ek noch witte oft der hinnen oan it fjoer ûntkommen binne en wat der mei dizze bisten dien is.

(advertinsje)
(advertinsje)