Sierd Dijkman is de nije manager fan Aris

16 aug 2019 - 18:26

Basketbalklup Aris hat yn Sierd Dijkman in nije manager fûn. Dijkman wie as bestjoerslid al aktyf foar de klup en sil de nije taak op ynterim-basis ynfolje.

Foto: Aris Ljouwert

Mei de oanstelling wol Aris in profesjonalisearingsslach meitsje. Yn de rin fan it seizoen sil de klup op syk nei in fêste ynfolling foar de rol. Om't it team no al drok dwaande is mei de tarieding fan it kommende seizoen, hat de klup earst yntern socht nei in kandidaat.

Trefwurden: 
Aris Sierd Dijkman manager
(Advertinsje)
(Advertinsje)