Papieren skat foar Kazemattemuseum: plannen foar grut sykljocht

16 aug 2019 - 17:46

It Kazemattemuseum op Koarnwertersân hat freedtemiddei in bysûndere tekening yn ûntfangst naam. It giet om in tekening út de oarlochstiid fan grutte sykljochten dy't yn 1940 brûkt waarden.

De tekening wurdt oerhandige oan it Kazemattemuseum - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De tekening wie yn it besit fan Pim Fok, pakesizzer fan soldaat WG Paape. Oft Paape sels ek yn de Kazematten fochten hat, wit Fok net.

It kazemattemuseum krige de tekening oerlange yn Kazemat 7. Yn dit gebou wie in revolúsjonêr 'spiegelreflexsysteem' pland, wêryn't de lampe net kapotsketten wurde koe troch de fijân. It systeem is lykwols nea brûkt, om't de spegels út Dútslân komme moasten. Doe't de oarloch begûn, wie dat net mear mooglik.

Op it stuit is der wol in sykljocht yn de Kazemat boud, om sjen te litten hoe't it doetiids wurde moast. De tekening makket dat ferhaal no kompleet.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei Pim Fok

It bysûndere oan de tekening is de goeie steat fan it histoaryske stik. It 80 jier âlde papier hat sels in hûsbrân oerlibbe, sa fertelt Fok. No moat der noch in goed plak foar fûn wurde yn it museum. Nei alle gedachten sil der in kopy makke wurde, om it orizjineel goed te behâlden.

It sykljocht wurdt yn stelling brocht - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Anne van Schepen fan it Kazemattemuseum is bliid mei de nije oanwinst

(Advertinsje)
(Advertinsje)