Skipper Froukje Osinga hat rom wyn en lit oare skûtsjes fier efter har op De Lemmer

16 aug 2019 - 17:39

It skûtsje Jonge Jasper fan skipper Froukje Osinga is freedtemiddei op de Lemmer winner wurden fan de sechsde wedstryd fan it IFKS-skûtsjesilen. It skûtsje Waaksdom fan skipper Ulbe Zwaga kaam as twadde oer de finish. Winner fan de ynhelwedstriid earder dy dei én dield klassemintslieder Jeroen de Vos fan it skûtsje Eelkje II mocht in tredde plak notearje.

Finish 2 fan IFKS skûtsjesilen Lemmer

De spanning yn de wedstriid siet net yn de gong fan it earste skûtsje, dat fan Jonge Jasper, dat as earste oer de finish kaam, mar wol yn de race fan wa't as twadde en tredde oer de finish komme soe. Want dêr sieten Eelkje II, Grytsje Obes en de Waaksdom inoar yn de silen.

Twa wedstriden, twa kear falske start

De skûtsjes fan de A-klasse fan it IFKS-skûtsjesilen mochten freed twa wedstriden sile. Twa sylwedstriden op ien dei. Tsien minuten nei't it lêste skutsje oer de finish kaam op de Lemmer, moasten de skûtsjes harren opnij melde by de start foar de twadde wedstryd dy't syld wurde moast. En ek yn dizze twadde wedstryd wie der sprake fan in falske start en moasten de skippers werom. Kaam skipper Froukje Osinga by de earste wedstryd noch as fyfde oer de finish, by de twadde wedstryd yn de Lemster Baai wist Osinga alle manlike skippers fuort efter har te litten en hâlde dat de hiele wedstriid fol.

Striid tusken klassemintslieders

Nei de deiwinst fan de ynhelwedstryd fan Sleat kaam skipper Jeroen de Vos fan Eelkje II op in dield earste plak te stean yn it klassemint, tegearre mei skipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse. Dy lêste skipper kaam by de earste wedstriid fan freed net út, om't er problemen hie mei syn mêst.

Protestflage,

En meidwaan betsjut dat je ek flaters meitsje kinne en dat barde dan ek. Underweis nei de tredde boppeboei luts skipper Ulbe Zwaga fan de Waaksdom de reade protestflage tsjin skipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse, om't hy oer bakboard te min romte krige. De umpire gie mei yn dat protest en dat betsjutte dat de Wylde Wytse in strafrûntsje draaie moast. Eintsjebeslút kaam Heerschop as sande oer de finish.

Interview winnend skipper IFKS Lemmer wedstryd 2

Froukje Osinga wer rol yn kampioenskip

Mei de winst mei de Jonge Jasper dizze twadde wedstriid freed docht Osinga wer mei oan it kampioenskip. Klimmend nei plakje fjouwer yn it klassemint binne der noch kânsen. "Wat we moarn fan planne binne? Earste wurde tink ik. Moarn hawwe wy in bytsje mear wyn, sa't it liket, dus dan kin dat moarn wol wer. Wêrom at it hjoed sa slagge? We binne op 'e tiid it wetter op gien en dan binne je ûntspannen en dan hawwe je in moaie plakje op de startline."

Utslach A-klasse

1. Froukje Osinga 2. Ulbe Zwaga 3. Jeroen de Vos 4. Ton Brundel 5. Walter de Vries 6. Arjen de Jong 7. Sikke Heerschop 8. Geale Tadema 9. Jaap Hofstee 10. Wytse Heerschop 11. Floriaan 12. Klaas Kuperus 13. Ron Syperda 14. Gerrit Huisman 15. Jilles Bandstra 16. Merijn Olsthoorn

Finale IFKS sneon op de Lemmer

De lêste wedstryd fan it IFKS skûtsjesilen wurdt sneon 17 augustus holden yn de Lemster Baai op de Lemmer. De finale fan de A-klasse set útein om 14.30 oere. De oare klassen begjinne om 9.15 oere (C-klassse), 11.00 oere (B-klasse) en 12.45 oere (lytse A).

(Advertinsje)
(Advertinsje)