Wapens Imaginarium Festival yn beslach naam

16 aug 2019 - 17:13

In tal dielnimmers oan it riddertoernoai Kening Striid moat it sûnder har wapens stelle. De swurden fan de ridders út Oekraïne binne yn beslach naam. De minsken dogge mei oan it Imaginarium Festival dat dit wykein hâlden wurdt yn Tytsjerk.

Foto: Imaginarium Festival

De dielnimmers krigen problemen by de dûane fan Oekraïne. Sy woene de minsken de grins net oergean litte mei de wapens. It giet net om echte wapens, mar replika's fan bygelyks swurden en bilen, sa't ridders dy yn de midsiuwen brûkten om te fjochtsjen.

De minsken út Oekraïne soene op it Imaginarium Festival meidwaan oan in sabeare riddertoernoai. Der is no in ynsammelingsaksje opset om har te helpen.

Foto: facebook Kening Striid
(Advertinsje)
(Advertinsje)