Undersyk sylskoalle: bern motoryk oanleare kostet mear tiid as yn it ferline

16 aug 2019 - 16:53

Bern motoaryske feardigens oanleare kostet mear tiid as yn it ferline. Neffens sylskoalle Pean yn Nes-Akkrum soe dat komme trochdat bern hieltyd mear dwaande binne mei de kompjûter of de telefoan.

De sylskoalle hat de ôfrûne jierren by hûnderten kursisten ûndersyk dien nei motoryk. Sylskoalle Pean jout al mear as fyftich jier sylles en hâldt by hoe't de bern foarút gean. Dêrút docht bliken dat bern der yn trochsneed langer oer dogge om bygelyks it stjoeren en it oanheljen fan de seilen ûnder de knibbel te krijen.

Minder gau oanleare

"Wy sjogge dat guon ûnderdielen folle minder gau oanleard wurde as yn it ferline", fertelt eigener Rienk de Jonge fan de sylskoalle. "Benammen it oerpakken fan de skoat en it roer, dêr sjochst dat de bern minder gau dy motoaryske hannelingen oanleare kinne."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Trefwurden: 
Pean sylskoalle motoryk
(Advertinsje)
(Advertinsje)