IFKS: Skûtsje Eelkje II wint op 'e Lemmer

It skûtsje Eelkje II fan skipper Jeroen de Vos fan Heech hat freedtemiddei de fyfde wedstryd fan it IFKS-skûtsjesilen wûn yn de Lemster Baai op de Lemmer. It twadde plak koe skipper Ulbe Zwaga fan de Waaksdom op syn namme skriuwe. As tredde kaam it skûtsje Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn oer de finish.
Skûtsje Eelkje II wint ynhelwedstriid IFKS op 'e Lemmer
Nei in algehiele falske start moasten de skûtsjeskippers freedtemiddei opnij nei de start ta. En dat wie grif tsjin it sin yn fan skipper Ulbe Zwaga dy't mei syn skûtsje Waaksdom fuort foarop lei. Yn tsjinstelling ta de oare wedstriden dizze wike waard der diskear hiel kalm en bedaard syld. It waar spile dêr ek parten yn, want mei in lyts golfke, in prima wyn en sels in sintsje derby, wie it noflik silen.
Interview mei Jeroen de Vos Eelkje II
Skipper Jeroen de Vos fan Heech is wiis mei de oerwinning yn de Lemster Baai. Dochs wie de tarieding net ideaal. "We hadden onze fok gescheurd bij de vorige start", sa fertelt hy. "We konden nog snel een andere fok erop zetten en daar hebben we gelukkig goed mee gezeild."
Oft dat it gelok fan de kampioen is? "Dat kan ik nog niet zeggen. We zijn nog geen kampioen, dus we kunnen pas achteraf zeggen of dat ons het kampioenschap gaat opleveren."

Earste plak

De Vos stiet no op in dield earste plak mei Sikke Heerschop. Ekstra spanning jout dit noch net foar de skipper fan de Eelkje II. "Ik heb nog geen last van kampioenskoorts. Maar misschien morgen wel."

Klassemintslieder Wylde Wytse sylt net mei

Noflik sile jilde lykwols net foar klassemintslieder Sikke Heerschop fan it skûtsje de Wylde Wytse. Dy kaam koart foar it twadde startskot yn need troch problemen mei mooglik de izerwurk oan de gaffel. It skûtsje koe mar kwalik meikomme by de start. It seil bleau earne op heakjen. Eintsjebeslút koe de Wylde Wytse wol starte, mar koart nei de start kaam it skûtsje wer yn de problemen en besleat de skipper om de wedstriid te litten foar wat it is.

Klassemint

Nei dizze ynhelwedstriid yn de Lemster Baai fan it skûtsjesilen yn Sleat stean der no noch twa wedstriden op it programma. Freedtemiddei wurdt ek noch in twadde wedstriid fersyld, sneon wurdt de finale fersyld. Alle skûtsjes meie de punten fan de minst sylde wedstriid ôflûke.
Foar skûtsjeskipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse sil dat grif de net sylde ynhelwedstriid fan freed wurde. Mei de winst fan dy wedstriid stiet Jeroen de Vos fan Eelkje II no dield earste mei skipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse.

Utslach A-klasse

1. Jeroen de Vos 2. Ulbe Zwaga 3. Merijn Olsthoorn 4. Floriaan Zwart 5. Froukje Osinga 6. Arjen de Jong 7. Walter de Vries 8. Geale Tadema 9. Gerrit Huisman 10. Ton Brundel 11. Jaap Hofstee 12. Wytse Heerschop 13. Klaas Kuperus 14. Jilles Bandstra 15. Ron Syperda