Fryslân Fêstlein: De IFKS is folle moaier as in wike Mallorca

16 aug 2019 - 15:39

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by Sietse Sijtema, dy't al jierren mei de IFKS meisylt as fakânsje.

"Dizze foto is al farrende naam", begjint Sietse syn ferhaal grutsk. "We foeren mei it skûtsje de Goede Verwachting fan de famylje Van der Vaart fan Starum nei Heeg."

Sietse fart al 26 jier mei op it skûtsje fan de famylje. "Ik bin as 14 jierrige jonge begûn omdat se in bemanningslid nedich hiene. Sy fregen doe oan ús heit oft syn soan ek de sportskuon oan hie," laket Sijtsema. "Fansels hie ik dat."

Foto: Omrop Fryslân

As de IFKS wer in sicht komt, begjint myn hert flugger te klopjen.

Sietse Sijtema

"Ik kaam doe op it skip en bin der eins nea mear ôfgien," ferfolget de spontane Sietse. "Myn fakânsje hjir te fieren is it moaiste dat der is. As de IFKS wer in sicht komt, begjint myn hert flugger te klopjen. Je libje der echt nei ta."

Ferskate generaasjes

Sietse sylt al sa lang mei, dat er ferskate generaasjes skippers meimakke hat. "Ik begûn ûnder Jochem van der Vaart, de heit fan de skipper fan no", wiist Sietse nei in flagje. "We hiene doe in oar logo, in soarte fan J mei in V en twa golfkes. Dêrom haw ik op de foto ek in oar shirt oan," seit Sietse, wylst er syn overal losmakket.

"Sjoch dit shirt hat in oar logo," kloppet er op syn boarst. "De L fan Lemmer mei de kop fan it binnenfeartskip derby. Dat hat Bauke, de soan fan Jochem, makke doe hy op it skip kaam."

Sietse Sijtema oer syn tiid by de IFKS

Moaier as Mallorca

"Ik haw in tal jier lyn nei Mallorca op fakânsje west, mar dat befoel totaal net. Lei ik dêr wat op it strân bier te drinken," fertelt de Lemster. "Dat koe thús ek wol. Doe't ik thús kaam út Mallorca wei, wie it skûtsjesilen oan 'e gong en haw ik wer meidien. Doe krige ik pas echt dat fakânsjegefoel."

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)