Loads fan survivalklup yn Koatstertille besketten

16 aug 2019 - 15:16

De loads op it trainingsterrein fan de survivalklup yn Koatstertille is resintlik besketten. Dat hat de Stichting Survival Koatstertille freedtemiddei bekend makke. Der sitte kûgelplakken yn de overheaddoar (roldoar), dy't nei alle gedachten feroarsake binne troch in luchtbuks.

Foto: Stichting Survival Kootstertille

De stichting hie ferline jier krekt nije beplating op de doar pleatst, mar dy is no alwer skansearre.

Kamera's

De bewakingskamera's op it terrein hawwe ferskate bewegingen fêstlein, seit foarsitter Theo Posthumus fan de stichting. Der wurdt no besjoen oft de dieders har út harsels by it bestjoer melde. Dogge se dat net binnen twa wiken, dan giet de stichting oer ta aksjes.

De klup ropt ek tsjûgen dy't mear witte op om har te melden. It terrein fan de survivalklup is gewoanwei allinne tagonklik foar leden.

(advertinsje)
(advertinsje)