Dodo Festival Bakkefean is klear foar gesellichheid yn waar en wyn

16 aug 2019 - 14:50

Foar de alfde kear is yn Bakkefean it Dodo Festival úteinset. It feest duorret it hiele wykein, mar hoe komt it mei it waar? De organisaasje is yn alle gefallen op alles taret.

Foto: Omrop Fryslân

Besikers kinne der hast net omhinne: de twa grutte oerkapingen op it terrein fan it Dodo festival. De organisatoaren hawwe der in pear tûzen euro yn ynvestearre, want paraplu's binne ferbean. "Paraplu's binne gefaarlike middelen, dêr kinne se mei slaan en wy wolle gjin ûngeregeldheden hawwe", seit Warner Koiter fan de organisaasje.

Yntusken skynt freedtemoarn de sinne, mar Koiter hat gjin spyt fan harren kar. "De gasten geane foar en dy moatte it goed hawwe."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op it Dodofestival

Warner organisearret it festival tegearre mei syn frou Anita no alwer foar de alfde kear. En ien tradysje hâlde se der yn: op freeds is de tagong fergees. "Wy wolle dat elkenien dy't in lytse of in grutte beurs hat gewoan nei binnen kuierje kin."

It festival duorret noch oant snein, mar neffens Anita is it no al in sukses. "De earste besikers stiene hjir om healwei alven al om nei binnen ta te kommen. Wy binne iepen en alles draait. Wy binne hiel tefreden!"

(advertinsje)
(advertinsje)