Rydbewizen ynleverje op A7

05 jul 2012 - 14:23
Foto: ANP XTRA

In 21-jierrige frou út Wytmarsum is woansdeitejûn har rydbewiis kwytrekke, omdat se fierstente hurd ried op de A7 by De Jouwer. Plysjeminsken seagen har mei hege snelheid riden en registrearden mei in laserkontrôle in snelheid fan 186 kilometer. De maksimumsnelheid op dat plak is 120.

Earder dy deis wie op dat plak ek al in 44-jierrige man út Hylpen pakt mei 177 op de teller, hy moast ek syn rydbewiis ynleverje. Beide bestjoerders krigen in bekeuring.

Trefwurden: 
rydbewizen
(Advertinsje)
(Advertinsje)