Freedsmerk oer âld wurde: "Myn moeke is 102 en het noait naar skoal weest!"

16 aug 2019 - 13:45

"Ik soe 120 jier wurde, mar dan wurdt dat 115, ek goed." Dat is in nochtere reaksje op de freedsmerk op sifers fan it CBS, it sintraal buro foar de statistyk. Ut dy sifers blykt dat senioaren mei in hege oplieding fiif oant sân jier langer libje as oaren.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oer dy sifers blykten op 'e merk in soad twivels te wêzen: "Dat is lulkoek! Myn moeke is 102 en het noait naar skoal weest!" Ek waard opmurken dat "Rechters en dokters in soad oan dy drugsrommel sitte, dus kom my net oan mei ferhalen dat soks sa sûn is!"

Oaren snapten it wol: "Miskien dat minsken mei in lege oplieding minder sicht ha op in sûne libbenssstyl of te min jild foar goeie medyske soarch."

In oar fertelde dat er wol in hege oplieding probearre hie, mar dat dat net slagge. "Dêr dan dochs mei trochgean hie ek net goed wêst!"

De grienteboer makke him der net sa drok om: "In hege oplieding siet der by my net yn, dat ik sil moarn wol omfalle."

René Koster prate op de Freedsmerk oer âld wurde

Trefwurden: 
CBS freedsmerk
(advertinsje)
(advertinsje)