Rykswettersteat: "Er is maar één bedienpost, bij storing hebben alle bruggen er last van"

16 aug 2019 - 12:29

De stroomsteuring fan freedtemoarn wêrby't seis brêgen net wurken, kaam troch in koarte stroomsteuring by de betsjinningspost, seit Baudina Schaafsma fan Rykswettersteat. "Er is één bedienpost, daar was storing en dan hebben alle bruggen er last van."

Foto: De Vries Media

Nei goed trije oeren liket de stroomsteuring by de brêgen oer it Prinses Margrietkanaal foarby te wêzen. Ien foar ien waarden de brêgen troch monteurs reparearre. Allinnich yn Blauforlaet, Koatstertille en Burgum binne noch problemen.

"Daar werken de camera's nog niet", seit Schaafsma. "En dat is essentieel voor de bediening van de brug. Zodra dat verholpen is, dan is de storing voorbij." Yn de tuskentiid wurde dy brêgen hânmjittich betsjinne.

Baudina Schaafsma fan Rykswettersteat oer de steuring

Hoe't it komt dat troch ien steuring seis brêgen it net mear dogge, begrypt Schaafsma net. Der heart wol in plan te wêzen hjirfoar. "Ik denk dat dat er wel is, maar dat heeft niet gewerkt."

(advertinsje)
(advertinsje)