Bearn Bilker oer prinses Christina: "Bewust bûten de skynwerpers libbe"

16 aug 2019 - 12:00

"Se hat yn har libben eigen saken neistribbe, dy't se ek sels woe." Dat seit âld-boargemaster en keningshûssaakkundige Bearn Bilker as reaksje op it ferstjerren fan prinses Christina. De jongste sus fan prinses Beatrix wie 72 jier en hie al langere tiid botkanker. Se ferstoar freedtemoarn op it kompleks fan Paleis Noordeinde.

Foto: Emanuela Loddo

"Se hat hiel bewust bûten de skynwerpers libbe", fertelt Bilker oer it libben fan de prinses. "Der is net in soad oer prinses Christina bekend. Wol dat se har namme feroare hat fansels. Doe't se berne waard, waard se Marijke neamd. Dat is feroare neffens har eigen wil."

Hast nea yn Fryslân

De prinses wie eins nea foar offisjele gelegenheden yn de provinsje. Bilker hat har ien kear sjoen yn Ljouwert, by de fiering fan it 25-jierrich houlik fan har âlden. "Ik wie noch mar njoggen jier", fertelt Bilker. "Doe hat de keninklike famylje yn maaie 1962 yn Ljouwert west. De hiele keninklike famylje wie mei dêr op it Saailân. Mar fierder hat Christina net of amper yn Fryslân west. Se hie ek gjin represintative funksjes en wie fansels de jongste; se hoegde dus ek net sa op de foargrûn te treden.

Ofskied

It lichem fan prinses Christina wurdt oerbrocht nei de koepel yn de tún fan Paleis Noordeinde. Dêr wurdt yn besletten rûnte ôfskied fan har nommen. Ek de kremaasje fan de prinses is besletten. It feit dat se kremearre wurdt, is net gebrûklik neffens Bilker. "Dat is unyk. Ek dêryn wike we alwer wat ôf fan it gongbere. Prinses Christina hie in eigen wil, en hjir blykt dat dus ek al út."

Ald-boargemaster en keningshûsssaakkundige Bearn Bilker oer prinses Christina

(advertinsje)
(advertinsje)