Concours Hippique Burgum giet net troch fanwegen te min dielnimmers

16 aug 2019 - 11:39

It Concours Hippique fan Burgum dat takom wykein, op 23 en 24 augustus, holden wurde soe, hat te min oanmeldings binnenkrigen. Mooglik gean dielnimmers nei it konkoers yn Tolbert dat op itselde momint holden wurdt.

Concours Hippique - Foto: ANP

Trije jier lyn giet it Concours Hippique yn Burgum ek al net troch om deselde reden. Yn 2017 hie Burgum just wer in hiel soad dielnimmers. De organisaasje hopet dat it konkoers takom jier wol wer gewoan in wedstryd organisearje kin.

Foarsitter Sita Bouius fan it Concours Hippique yn Burgum fertelt dat harren evenemint as iennichste op de wedstrydkalinder fan Fryslân stie. "Alle provinsjes hawwe harren eigen kalinder. Yn Fryslân wienen wy it iennichste konkoers, mar yn Grinslân wie dan noch wol in oar Concours Hippique. Dat waard ferskood fan septimber nei augustus. Wy hawwe doe noch wol oerlis hân, mar foar beide organisaasjes wie it net mooglik om it konkoers noch te ferskowen.

It sponsorjild wurdt weromstoart troch de organisaasje. "Mar as wy dochs yn finansjele noed komme, dan springe sy by", fertelt Bouius. "Mei better oerlis yn de takomst hoopje wy dizze dûbeling foar te kommen."

Foarsitter Sita Bouius fan it Concours Hippique yn Burgum

Trefwurden: 
Burgum Concours Hippique
(advertinsje)
(advertinsje)