Imaginarium festival: "It is gjin 'tikky, dû bist him', mar lizze dû"

16 aug 2019 - 11:27

Trije dagen lang in midsiuwsk feest yn Park Vijversburg yn Tytsjerk. De sânde edysje fan it Imaginarium Festival wurdt dit jier holden fan 16 oant en mei 18 augustus. "Foarich jier hienen wy 6500 besikers en 70 frijwilligers", fertelt organisator Bert Wielstra. "Dat wy dit allegear sa klear krije, mei eins in lyts wûnder hjitte".

Ridders, prinsessen en wiere swurdgefjochten. It komt dizze trije dagen allegear oan bar op it Imaginarium Festival. "Myn frou is sân jier lyn begûn mei it swurdfjochtsjen en dat firus is besmetlik."

It festival hat twa poadia mei live muzyk, mar ek yn in nij gedielte fan it park is it evenemint Kening Striid, it Europeeske grutste riddergefjochttoernoai. "It giet der bytiden need oan ta. We brûke echte wapens, swurden, harnassen en bilen. En de manlju en froulju houwe echt. Allinnich binne de wapens stomp en fansels ha je in harnas om. Dochs komme de klappen wol oan. It is net fan 'tikky dû bist him', mar mear fan lizze dû."

Dochs fersekeret Wielstra dat swurdfjochtsjen feiliger is as fuotbal of fjildhockey. "Je witte dat je klappen krije, dus je gean hiel oars de striid yn."

Bert Wielstra (links) - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by Imaginarium

De List

"Hjir yn De List gebeurt it allegear, twa dagen lang", fertelt Wielstra. "Hjir sil fochten wurde, mei fiif tsjin fiif. Sawol manlju as froulju. It moat wreed, hurd en spektakulêr wurde en dêrom hawwe wy keazen foar de fiif tsjin fiif. Wy hawwe dit jier 38 teams. Sneintemiddei hawwe wy sels de tolve tsjin tolve."

It bart allegear op in fjild fan tsien by tweintich meter. "Dat binne offisjele bûnsmaten. Dy tolve tsjin tolve is in hiel nijsgjirrich spultsje. Je meie alles dwaan, útsein stekke op de hoksen, op de kont en de hals -as dy net bedutsen is."

Fierder hat de organisaasje in Russysk fjildhospital ynrjochte, om't der ek dielnimmers út Ruslân en de Oekraïne dielnimme. "As dy ferwûne reitsje, dan is it handich dat sy harren yn it Russysk fersteanber meitsje kinne. "

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by Imaginarium

Op sneon 17 augustus wurde de finales fan Kening Striid live útstjoerd op de website en app fan Omrop Fryslân. Snein 18 augustus wurdt der in diel fan it 12 tsjin 12 diel (manlju en froulju) fan Kening Striid útstjoerd op de website en app fan Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)