UPDATE: Stroomsteuring is foarby, alle seis brêgen dogge it wer

Nei goed fiif oeren dogge de brêgen yn Strobos, Blauforlaet, Koatstertille, Skûlenboarch, Eastermar en Burgum it wer. De brêgen woene freedtemoarn net mear iepen en ticht troch stroomsteuring yn de betsjinningspost.
© De Vries Media
Yn Strobos en Skûlenboarch hat de steuring foar fertraging soarge yn it ferkear omdat de brêgen net mear ticht woene.
De oaren brêgen yn Blauforlaet, Koatstertille, Eastermar en Burgum woene net mear iepen. It ferkear koe wol oer dizze brêgen, mar de skipfeart moast wachtsje.
Neffens Rykswettersteat wie der ien koarte steuring yn de sintrale betsjinningspost wêrtroch alle seis brêgen net mear wurken.