UPDATE: Seis brêgen Prinses Margrietkanaal wolle net iepen of ticht troch stroomsteuring

16 aug 2019 - 10:16

Seis brêgen dy't oer it Prinses Margrietkanaal gean, wolle net mear iepen of ticht. It giet om brêgen yn Strobos, Blauforlaet, Koatstertille, Skûlenboarch, Burgum. De oarsaak leit neffens Rykswettersteat oan in stroomsteuring.

Foto: De Vries Media

Sûnt freedtemoarn 08.45 oere kin sawol de brêge fan Strobos as de brêge fan Skûlenboarch yn Jistrum net mear ticht. Dit soarget foar fertraging op de dyk.

De brêge by Skûlenboarch stie earst heal iepen sadat ek de skipfeart der net del koe. Op dit stuit stiet de brêge wol wer folslein iepen foar de skipfeart.

Yn Blauforlaet, Koatstertille, Eastermar en Burgum wolle de brêgen net mear iepen. It ferkear kin wol oer dizze brêgen, mar de skipfeart moat wachtsje. Neffens Rykswettersteat is de oerlêst foar de skipfeart minimaal omdat de measte brêgen heech genôch binne.

De monteurs binne yntusken teplak, mar Rykswettersteat tinkt dat de steuring komt troch in 'stroomdip'.

Hoe lang de steuring duorje sil is ûnbekend. Rykswettersteat jout oan dat mocht it nedich wêze, dat de brêgen lokaal betsjinne wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)