UPDATE: brân yn skuorre op de Lemmer is bestriden

16 aug 2019 - 09:35

De brânwacht fan Lemmer en Balk is freedtemoarn útriden foar in brân yn in skuorre oan de Dorawei op de Lemmer. Neffens de brânwacht binne der gjin persoanen oanwêzich en stiet de skuorre los fan de wenning.

Foto: ProNews Producties

De brânwacht jout oan dat in lyts part fan de skuorre yn de brân stie. Yn de skuorre lei hea en strie en stie in trekker. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Foto: ProNews Producties
Trefwurden: 
brân Lemmer
(advertinsje)
(advertinsje)