Kollum: "Cesar Milan"

"Neist ús puberhûn Timmy hawwe ek noch twa suskes út Kroäsië. Hiele leave hûntsjes, fierder, mar wol mei in rêchsek. Yn it begjin net in goed sosjalisaasjeproses hân en dat utere him yn it tige fijannich wêzen nei guon hunen.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
O wee as we in hûn tsjinkamen dy't se net lije mochten of ien dy't frjemd wie. Lokkich binne se net sa grut dus ik hold se wol, mar as se los wiene dan fleagen se der beide as debilen op ôf en ien fan de suskes begûn echt te fjochtsjen.
En dêr hie ik sa myn nocht fan, mar ik wist net hoe't ik dat gedrach derút krije moast. Ik hie alris help hân fan immen en dan moast ik alle kearen werom rinne as se spanning opbouden, krekt salang't se rêstich wiene en dan wer rjochting de oare hûn. Dat wurke wol, mar wie net altyd like handich en it koste in soad tiid. Doe ha ik in pear wiken lyn besletten om nei Anniek Winters te gean. Sy hat de oplieding by Cesar Millan dien, mar se hie ynearsten gjin tiid, dus doe ha ik by Riet west. Sy wurket dêr ek en hat ek by Cesar west.
Ik hie him nammentlik wer in pear kear sjoen op 'e telefyzje en it giet eins altyd oer enerzjy. Dat begryp ik wol, mar ik hie der gjin gefoel by. 'Fiel dyn hûn,' sei er. En foaral kalm bliuwe. Ik fielde doe allinnich mar hiele ferfelende hûnen en kalm wie ik al lang net mear. Ik hie my foarnommen om harren de earste de bêste kear dat se wer tekear gean soene, mar gewoan in kear yn de feart te smiten om ôf te kuoljen.
Dan bist net bepaald op de goede wei, dus wy op nei Boesingheliede. Nei de intake, giene wy oefenjen op in grut omheind terrein en mei de earste hûn giene de suskes behoarlik tekear. Riet liet my sjen hoe't ik dêr mei om gean moast neidat se earst twa oare riemen om krigen hiene.
Doe moast ik it sels dwaan en nei in heal oere gong it as in spear. Ik koe it hast net iens leauwe en frege my ôf wêrom't ik dêr ek alwer wie. We hawwe mei ferskate hûnen oefene en ik hie de suskes perfekt ûnder kontrôle. Ik kin eins net iens goed útlizze hoe't ik dat die, want it is yndied echt wat datst fiele moast. Mar it komt der op del dat ik se op in bepaalde manier korrizjearje sadat se stipe fine by my en dus net sa oerémis reitsje.
En dat barde hiel rêstich, sûnder agresje of frustraasje fan myn kant. Ik ha der wol twa oeren west en doe't wy wer nei de auto runen kaam ik direkt twa situaasjes tsjin mei frjemde hûnen, mar it gong super. En jûns kamen wy ien fan de grutste fijannen tsjin yn it doarp en doe hie ik se ek ûnder kontrôle. Wat ik noch wol hiel lestich fyn, is as in oare hûn my oer it mad komt, want as de suskes ien kear oerémis reitsje dan bin ik te let.
It fielt noch wol as in oefenproses mar lokkich giet it meastal goed. As ik fragen ha, dan app ik efkes mei Riet en dan krij ik daliks in antwurd dêr't ik wat mei kin dus ik hie wol wollen dat ik dit earder dien hie. Mar datst nea te âld bist om te learen, blykt wol wer en Cesar Millan skynt yn it echt krekt sa aardich te wêzen as op 'e telefyzje."