Sitte de fjouwer pealsitters yn Kollum noch?

16 aug 2019 - 08:23

De fjouwer dielnimmers fan it pealsitten yn Kollum sitte al hast 24 oeren en der hat noch mar ien hiel koart efkes pauze hân. "Je sitte net komfortabel op it plankje", seit Cor Hellinga fan de organisaasje. "Dat falt bêst ôf."

Se binne goed de nacht trochkaam, neffens Hellinga. "It hat reedlik drûch west en in protte lêst fan de wyn ha se ek net." De organisaasje hâldt Buienradar wol goed yn de gaten. Hellinga: "As it reint krije se in reinjas oan en as tonger te ticht by komt, dan moatte se der ôf."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Cor Hellinga oer de pealsitters yn Kollum

De pealsitters moatte sjen oft se it sechstich oeren fol hâlde om op de peal te sitten. Se kinne ekstra punten krije as se gjin skoft nimme, Hellinga: "Om de twa oeren krije se de mooglikheid om tsien minuten skoft ta ha. Oant no ta ha se dêr amper gebrûk fan makke. Ien hat fannacht in sanitêre stop hân. Dy leit dan in minút efter op de rest."

Jild ynsammelje

Der binne ek trije 'meitsitpeal' dêr't minsken foar tsien euro in oere lang op sitte kinne. De opbringst dêrfan giet nei de Maarten van der Weijden Foundation.

Trefwurden: 
Kollum pealsitten
(advertinsje)
(advertinsje)