Jonge klimt yn byld neist it buro hanthavening Ljouwert

16 aug 2019 - 07:15

In minderjierrige Ljouwerter makke it de hanthaveners fan de gemeente Ljouwert tongersdei wol hiel maklik om him oan te hâlden. De jonge klom yn in byld neist it buro fan hanthavening yn de Prinsetún.

Foto: Handhaving Leeuwarden

Hy hie gjin identiteitsbewiis by him en doe't se him fûllearden, fûnen se softdrugs. Der is proses-ferbaal tsjin de jonge opmakke en de âlden binne op de hichte brocht.

Trefwurden: 
Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)