Goalie Jorrit Vos komt werom nei de UNIS Flyers

16 aug 2019 - 07:00

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe in nije goalie. Jorrit Vos, dy't earder al de jeugdoplieding op It Hearrenfean trochrûn, komt werom by de klup. Njonken Vos stiet ek Martijn Oosterwijk op doel by de Flyers.

Foto: Martin de Jong

Twa oare spilers fan de iishockeyklup, Kenny Welles en Viktor Nordemann, bliuwe langer op It Hearrenfean. Ferdigener Welles begjint oan syn sechde seizoen foar de Flyers en hat syn kontrakt wer ferlinge. Foar Nordemann wurdt it syn twadde jier by de Fryske klup.

(advertinsje)
(advertinsje)