Ljouwerter (23) naait út foar de plysje

16 aug 2019 - 06:39

In 23-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitemiddei yn syn auto útnaaid foar de plysje. De bestjoerder soe kontrolearre wurde doe't hy der fan troch gong.

Plysjes yn Fryslân (argyf) - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Hy ried oer in ferheging op de rotonde by de Heliconwei en koart dêrnei waard de auto ta stilstân brocht. De bestjoerder bliek ûnder ynfloed fan alkohol, THC en kokaïne te wêzen. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam en hy hat in rydferbod krigen fan 24 oeren.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert alkohol
(advertinsje)
(advertinsje)