14-jierrige Leroy wol jeugd belûke by Ynje-betinking

De 14-jierrige Leroy Dörfel fan It Hearrenfean wol de jeugd mear belûke by de Ynje-betinking. Neffens him moat de jongerein him bewust wurde fan it feit dat frede net fansels sprekt en dat wy ús frijheid mei te tankjen hawwe oan de feteranen.
Leroy Dörfel sprekt de feteranen ta © Omrop Fryslân, René Koster
Leroy spruts tongersdei by de jierlikse Ynje-betinking op It Hearrenfean. Syn pake Bob siet yn in 'Jappekamp' en koe dat neffens Leroy oerlibje om't er sa lekker iten meitsje koe. Dêrom wiene de Japanners krekt wat suniger op him. "Vrede is niet vanzelfsprekend", sa sei Leroy yn syn speech. "Ik ben de veteranen dankbaar dat zij een einde aan de oorlog maakten. Zo kregen de mensen hun vrijheid terug. Dank u!"

Van der Zwan

Leroy krige in grut applaus fan de oanwêzige feteranen en har neiteam. Ek boargemaster Van der Zwan spruts by de betinking en lei in relaasje mei syn eigen famyljeskiednis. "Voor ons was 15 augustus de dag waarop de échte bevrijding werd gevierd." Van der Zwan wie dúdlik ynnommen mei de belutsenheid fan Leroy, dy't hy dan ek yntrodusearre as "mijn jonge vriend".
Wij hebben onze vrijheid aan de veteranen te danken.
Leroy Dörfel (14)
Nei de taspraken waard in minút stilte holden en it Wilhelmus song. Ferskate organisaasjes leine dêrnei krânsen en blomstikken by it Ynje-monumint by it plantsoen fan it Gashoudersplein op It Hearrenfean.
In reportaazje fan de Ynjebetinking op It Hearrenfean
Leroy Dörfel en boargemaster Tjeerd van der Zwan by it betinkingsmonumint © Omrop Fryslân, René Koster
14-jierige wol jeugd belûke by Ynje-betinking