Dizze wike yn ús provinsje: Fiskerijdagen, pealsitten en Imaginarium

15 aug 2019 - 21:34

Simmerdeis is der in protte te belibjen yn Fryslân. Omrop Fryslân ljochtet alle simmerwiken in pear eveneminten út. Dizze wike: de Makkumer Fiskerijdagen, it pealsitten yn Kollum en it Imaginarium Festival.

Foto: Omrop Fryslân

Makkumer Fiskerijdagen

Oant 'e mei sneon 17 augustus binne yn Makkum de Fiskerijdagen. Der is yn it sintrum fan it fiskersdoarp fan alles te belibjen: it ielrikjen, teäter, de floatskou en noch in protte oare saken. Ek is der alle dagen live-muzyk en ferdivedaasje foar de bern. Mear ynformaasje oer de fiskerijdagen is te finen op harren webside.

Ek it Simmer yn Fryslân-promoteam fan Omrop Fryslân is te finen op de Fiskerijdagen yn Makkum. Se nimme in draaiend rêd en in hiel soad prizen mei. It promoteam is yn de omkriten fan de haven yn Makkum te finen. Witte wêr't it promoteam dizze simmer noch mear te finen is? Sjoch op Omropfryslan.nl/simmer.

Pealsitten

Nei sân jier is it pealsitten werom yn Kollum. Tongersdeitemoarn binne de dielnimmers oan it pealsitten begûn mei harren útdaging om sechstich oeren lang op in peal sitten te bliuwen. Oant 'e mei sneon sil it pealsitten noch hân yn hân gean mei oare aktiviteiten, lykas in oldtimershow, in badeinerace en live-muzyk. Fia de webside beleefkollum.nl is mear ynformaasje te finen.

Foto: Omrop Fryslân

Imaginarium festival

Freedtejûn begjint it Imaginarium Festival yn Tytsjerk. In wykein lang kinne besikers harren wane yn in mearkewrâld mei midsiuwske útstrieling. In wichtich ûnderdiel fan it festival is de Kening Striid.

Dat is ien fan de belangrykste toernoaien binnen de sport 'Historic Medieval Battles', dêr't dielnimmers klaaid yn midsiuwske kostúms elkoar mei midsiuwske wapens te liif gean. Dêrneist binne der kreamkes, workshops en is der muzyk. Besikers wurde oanmoedige om ferklaaid nei it festival te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)