FIDEO: De rûzige IFKS-wedstriid op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge

15 aug 2019 - 21:07

De IFKS-wedstriid fan tongersdeitemiddei op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge stie yn it teken fan meardere oanfarrings. It wie in rûzige wedstriid, dy't úteinlik frij ienfâldich wûn waard troch skipper Ulbe Zwaga fan it skûtsje Waaksdom. Under mear de Emanuel, fan skipper Merijn Olsthoorn, kaam yn botsing mei Ut 'e Striid fan Gerrit Huisman. It gie ek hast mis troch in linke aksje fan Klaas Kuperus fan Makkum. Hy gie te let troch de wyn en kaam hast yn botsing mei winner Zwaga. Hjirûnder it oersjoch fan de tongersdei.

(advertinsje)
(advertinsje)