Man troch omstanners út it wetter helle oan de Longbuorren by Dronryp

15 aug 2019 - 20:44

Meardere helptsjinsten binne tongersdei oan it begjin fan de jûn útriden nei de Longbuorren by Dronryp. In persoan wie dêr yn it wetter rekke en koe der net selsstannich útkomme.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Omstanners hawwe de man út it wetter helle en dêrnei reanimearre. It slachtoffer is meinommen troch in ambulânse.

Trefwurden: 
plysje Dronryp ambulânse
(advertinsje)
(advertinsje)