Keats-off foar Frouljus PC: Hovenga, Vlasbloem en Bouma nei Weidum

15 aug 2019 - 20:09

It partoer fan Serena Hovenga, Lobke Vlasbloem en Aluca Bouma docht takom wike woansdei mei oan de Frouljus PC yn Weidum. Hovenga-en-dy wûnen tongersdeitejûn yn Easterein de saneamde keats-off foar de wichtichste keatspartij fan it jier by de froulju.

De winners fan de Frouljus PC fan ferline jier - Foto: Henk Bootsma

Yn de finale waard mei 5-1 6-2 ôfrekkene mei Hester Zijlstra, Anke Winkel en Simona Kootstra. De twa oare partoeren, Wybrig Bakker, Hiske Zeinstra en Melissa Rianne Hiemstra, en Nicole Hempenius, Mintje Meitema, Miranda Scheffer, ferlearen yn de heale finale.

Frouljus PC

De Frouljus PC wurdt takom woansdei hâlden yn Weidum. Der dogge yn totaal tolve partoeren mei.

Trefwurden: 
keatsen keats-off frouljus PC
(advertinsje)
(advertinsje)