Opnij ynsidint yn de IFKS-float: brantsje op De Swanneblom

15 aug 2019 - 19:53

Der hat tongersdeitemiddei yn de Follegeastersleat opnij in brantsje west yn de IFKS-float. De brân wie op it folchskip fan it skûtsje De Swanneblom fan skipper Brandt de Vries. De bemanning hat it fjoer sels útmakke, mar de brânwacht hat der noch wol by west.

Foto: Twitter @InspScheepvFrys

De oarsaak fan de brân wie nei alle gedachten in fêstrûne motor. It skûtsje en de klipper binne fuortsleept troch de skipsfeartynspeksje fan de provinsje Fryslân. Woansdei wie der ek al in ûngemak oan board fan De Swanneblom. Doe is de mêst nei ûnderen kommen en rekke skipper De Vries licht ferwûne oan syn hân.

Brân De Drie Gebroeders

Earder dizze wike wie der ek al brân oan board fan it skûtsje De Drie Gebroeders fan skipper Harmen Brouwer. Dêrby moast ien persoan nei it sikehûs brocht wurde, om't hy reek ynazeme hie.

Woansdei die de Drie Gebroeders wer gewoan mei, mar se giene flak foar de start om. Nei tsien minuten stie it skûtsje wer oerein en úteinlik kamen se noch op it njoggende plak oer de finish.

(advertinsje)
(advertinsje)