IFKS: Zwaga, Brouwer, Tjoelker en Regts pakke opnij winst by Ychtenerbrêge

15 aug 2019 - 19:51

Ulbe Zwaga, Andries Brouwer, Pieter-Jilles Trilker en Henk Regts bliuwe ûnferoare oan kop yn de klasseminten fan respektyflik de Grutte A-, de Lytse A-, de B- en de C-klasse. Op de Tsjûkemar by Ychtenerbrêge kamen se tongersdei, nei de ynhelwedstriid fan woansdei, foar de twadde dei op rige as earsten oer de finish.

Foto: Martin de Jong

Waaksdom wint wer

Yn de Grutte A-klasse hat skipper Ulbe Zwaga mei it skûtsje Waaksdom de winst op syn namme skreaun. Skipper Floriaan Zwart fan it Snitser skûtsje Ut en Thûs einige op flinke ôfstân as twadde by Ychtenbrêge. 't Swarte Wief fan Jaap Hofstee kaam as tredde oer de finish op de Tsjûkemar.

Der wiene ferskate oanfarringen yn dizze klasse, ûnder oare tusken de Emanuel en Ut 'e Striid.

Utslach A-grut Ychtenbrêge

1 Ulbe Zwaga Waaksdom
2 Floriaan Zwart Ut en Thûs
3 Jaap Hofstee 't Swarte Wief
5 Tony Brundel Lytse Lies
6 Jeroen de Vos Eelkje II
7 Sikke Heerschop Wylde Wytse
8 Klaas Kuperus De Zes Gebroeders
4 Walter de Vries De Goede Verwachting
9 Gerrit Huisman Ut 'e Striid
10 Merijn Olsthoorn Emanuel
11 Froukje Osinga Jonge Jasper
12 Jilles Bandstra Lonneke
13 Wytse Heerschop Woeste Anne
14 Ron Syperda Ale
15 Arjen de Jong Grytsje Obes
15 Geale Tadema It Doarp Eastermar

Klassemint A-grut nei Ychtenbrêge

1 Sikke Heerschop 13,9
2 Jeroen de Vos 19,0
3 Walter de Vries 24,0
4 Jaap Hofstee 26,0
5 Klaas Kuperus 26,0
6 Floriaan Zwart 28,0
7 Froukje Osinga 28,0
8 Geale Tadema 31,9
9 Tony Brundel 34,0
10 Ulbe Zwaga 35,8
11 Merijn Olsthoorn 41,0
12 Wytse Heerschop 44,0
13 Gerrit Huisman 44,0
14 Jilles Bandstra 48,0
15 Arjen de Jong 52,0
16 Ron Syperda 58,0

Sjongend oer de finish

Skipper Andries Brouwer en syn bemanning fan it skûtsje De Reuzen kamen sjongend oer de finish op de Tsjûkemar, want krekt as de dei derfoar pakten sy dêr de winst yn de Lytse A-klasse. Se leinen al betiid op foarsprong en joegen dy net mear út hannen. It skûtsje de Eemlander fan Harm van der Weiden finishte as twadde en It Abbegeaster Skûtsje fan skipper Henk Frankena waard tredde. Dyselde plakken nimme de trije skûtsjes yn yn it klassemint.

De Twa Famkes fan Pieter Jansma en de Lutgerdina Smeltekop fan Bernd de Cneudt stapten noch foar de tredde boppetonne út de wedstriid.

Utslach A-lyts Ychtenbrêge

1 Andries Brouwer De Reuzen
2 Harm van der Weiden Eemlander
3 Henk Frankena It Abbegeaster Skûtsje
4 Tsjibbe van der Veer Welvaart
5 Brandt de Vries Swanneblom
6 Sander Meeter Vriendschap
7 Chris van den Berg Hoop Op Zegen
8 Herke Boskma Lytse Famke
9 Age Bandstra Avontuur
10 Geale Postma Lytse Earnewâldster
11 Martijn Kleintjens Tiid sil 't leare
12 Johannes de Vries Friesland
13 Hans Brakkee Doeke van Martena
14 Jochem van der Vaart Nooit Volmaakt
15 Koos van Drunen Hoop Doet Leven
15 Sikke Tichelaar Stad Harlingen
17 Bernd de Cneudt Lutgerdina Smeltekop
17 Pieter Jansma Twa Famkes

Klassemint A-lyts nei Ychtenbrêge (punten nei ôftrek fan 1 wedstriid)

1 Andries Brouwer 3,6
2 Harm van der Weiden 13,0
3 Henk Frankena 15,0
4 Age Bandstra 17,9
5 Martijn Kleintjens 20,0
6 Tsjibbe van der Veer 21,0
7 Pieter Jansma 22,0
8 Sander Meeter 30,0
9 Sikke Tichelaar 33,0
10 Brandt de Vries 35,0
11 Geale Postma 39,0
12 Chris van den Berg 40,0
13 Herke Boskma 46,0
14 Johannes de Vries 50,0
15 Hans Brakkee 57,0
16 Jochem van der Vaart 59,0
17 Koos van Drunen 68,0
18 Bernd de Cneudt 71,0

Tjoelker fersteviget kopposysje

Pieter-Jilles Tjoelker finishte mei grutte foarsprong wer as earste yn de B-klasse. Doe't hy mei syn skûtsje Sterke Jerke oer de finish kaam, gie it lêste skûtsje krekt om de fjirde tonne hinne. Skipper Sietse Broersma einige as twadde mei de Ora et Labora en Wietse Bandstra mei de Redbad wist it tredde plak te pakken.

Mei de winst hat Tjoelker syn kopposysje yn it klassemint fierder ferstevige. Hy wurdt folge troch de nûmer twa Broersma, en Sijmen Kalsbeek mei de Raerder Roek stiet op it tredde plak.

Utslach B-klasse Ychtenbrêge

1 Pieter-Jilles Tjoelker Sterke Jerke
2 Sietse Broersma Ora et Labora
3 Wietse Bandstra Redbad
4 Bas Krom Verwisseling
5 Sijmen Kalsbeek Raerder Roek
6 Hartman Witteveen Freonskip
7 Thomas de Boer De Drie Haringen
8 Erik Jonker Jonge Rein
9 Jan Overwijk Twee Gebroeders
10 Rein Wiebe Leenstra Dageraad
11 Jeroen Sijtsma De Brijbek
11 Remy de Boer De Eenvoud
13 Simon van der Lingen Galamadammen
14 Daan van der Meer Westenwind
15 Koos Lamme Singelier

Klassemint B-klasse nei Ychtenbrêge (punten nei ôftrek fan 1 wedstriid)

1 Pieter-Jilles Tjoelker 3,6
2 Sietse Broersma 10,0
3 Sijmen Kalsbeek 11,0
4 Hartman Witteveen 19,0
5 Wietse Bandstra 19,0
6 Daan van der Meer 25,0
7 Erik Jonker 25,0
9 Bas Krom 26,0
8 Rein Wiebe Leenstra 31,0
10 Thomas de Boer 32,0
11 Jeroen Sijtsma 40,0
12 Jan Overwijk 41,0
13 Remy de Boer 46,0
14 Simon van der Lingen 52,0
15 Koos Lamme 58,0

Skûtsje om en skipper oerboard

Henk Regts wûn mei oermacht yn de C-klasse. Yn de spielende rein kaam er mei syn skûtsje Grutte Pier oer de finish, folge troch Paul Wassink mei de Lege Wâlden en Steven Zijsling mei de Striidber.

Der barde fan alles yn de C-klasse. It troch brân troffen skûtsje De Drie Gebroeders fan skipper Harmen Brouwer stie fol goede moed wer oan de start yn Ychtenbrêge, mar gie flak foar de wedstriid om troch in dikke wynpûst. Mar se stiene gau wer oerein en wisten nei in knappe ynhelrace as njoggende te finishen.

Nei in oanfarring mei de Op Hoop van Zegen fan Mark de Koe waard skipper Floris Bottema fan De Harmonie oerboard slein. Hy waard troch de EHBO-boat werombrocht, mar besleat dêrnei de wedstriid te staken. Troch de oanfarring wie de opstekker fan De Harmonie stikken gien.

Utslach C-klasse Ychtenbrêge

1 Henk Regts Grutte Pier
2 Paul Wassink Lege Wâlden
3 Steven Zijsling Striidber
4 Mark de Koe Hoop Op Zegen
5 Tim Roosgeurius Wâldwiif
6 Jan van der Veen Sinnekening
7 Gerrit de Vries Gerrit de Vries
8 Cees Riezebos De Tajefte
9 Bouke van der Vaart Goede Verwachting
10 Kees van der Kooij Ebenhaëzer
11 Alisa Stekelenburg Gerrit Ynze
12 Jelle Bekkema De Verandering
13 Jitske Visser Lytse Griene
14 Floris Bottema De Harmonie
14 Harmen Brouwer Drie Gebroeders

Klassemint C-klasse nei Ychtenbrêge (punten nei ôftrek fan 1 wedstriid)

1 Henk Regts 3,6
2 Harmen Brouwer 7,9
3 Steven Zijsling 12,0
4 Paul Wassink 14,0
6 Tim Roosgeurius 18,0
5 Mark de Koe 18,0
8 Jan van der Veen 29,0
7 Gerrit de Vries 32,0
10 Cees Riezebos 34,0
9 Jelle Bekkema 39,0
11 Kees van der Kooij 40,0
12 Alisa Stekelenburg 43,0
14 Bouke van der Vaart 44,0
13 Floris Bottema 51,0
15 Jitske Visser 51,0
(advertinsje)
(advertinsje)