Pealtsjes op tsjerkhôf yn Wetsens wurde op termyn fuorthelle

15 aug 2019 - 19:30

De pealtsje op it tsjerkhôf fan Wetsens wurde op termyn wer fuorthelle. Dat hat it kolleezje fan tsjerkerintmasters fan de protestantske gemeente Dokkum Ealsum Wetsens besletten.

Foto: Omrop Fryslân

De pealtsjes wurde fuorthelle op it momint dat der in betelber alternatyf systeem beskikber is wêrmei't it eksakte plak fan in grêf bepaald wurde kin. It giet dan bygelyks om in GPS-systeem.

Kommoasje

It kolleezje fan tsjerkerintmasters hat dit besletten nei oanlieding fan de kommoasje dy't ûnstien is. "Dat hiene wy net ferwachte", seit foarsitter Waslander fan it kolleezje.

De yntinsje bliuwt lykwols wol dat der in duorsume en soarchfâldige registraasje komt wêrby't rekken hâlden wurdt mei de 'gevoelens en beleving' fan in hiel protte minsken. In wurkgroep fan de tsjerke en de pleatslike kommisje sil dit fierder útwurkje.

De pealtsjes wiene der delsetten om de grêven op it tsjerkhôf te markearjen, sadat der gjin flaters makke wurde soene by it útsykjen fan in grêf. Der is no besletten om te sykjen nei in oplossing wêrby't it oansjen fan it tsjerkhôf net oantaast wurdt.

Foarsitter Waslander fan it kolleezje fan tsjerkerintmasters

Trefwurden: 
Wetsens tsjerkhôf pealtsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)