Plysje hâldt Harnzer graffityspuiter (50) oan yn Ljouwert

15 aug 2019 - 18:59

De plysje hat tongersdei yn de Prinsetún yn Ljouwert in 50-jierrige man út Harns oanhâlden. In tsjûge hie sjoen dat de Harnzer moarns yn de Oude Lombardsteeg graffity spuite hie.

Foto: Twitter @politie_lwdn

De plysje koe de man letter oanhâlde. De spuitbus waard yn beslach nommen en de man hat in boete krigen. De skjinmakkosten komme ek foar rekken fan de Harnzer.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert graffity
(advertinsje)
(advertinsje)