Opstelling SC Hearrenfean bliuwt gelyk tsjin FC Emmen

15 aug 2019 - 18:36

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean sil de opstelling fan syn team sneon tsjin FC Emmen net feroarje, yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Feyenoord. Dat betsjut dat Ejuke wer op '10' stiet en Jordy Bruijn op de linkerfleugel.

"Ik heb geen verrassing in petto", seit Jansen. "Jordy is gewoon meer een middenvelder, maar Ejuke heeft bepaalde dingen die we in de as ook nodig hebben. Hij kan zulke verrassende dingen doen. Het wordt interessant hoe de wisselwerking gaat zijn tussen die twee."

Goede kompetysjestart

SC Hearrenfean hat in goede kompetysjestart. Earst waard mei romme sifers wûn fan Heracles Almelo (0-4) en dêrnei waard mei 1-1 lykspile tsjin Feyenoord. Wat ek opfalt, is dat in soad jonge spilers út de eigen oplieding in kâns krije. Arjen van der Heide, Jan Ras en Hamdi Akujobi hawwe yn de earste twa wedstriden alletrije harren debút makke yn de earedifyzje.

Foto: www.orangepictures.nl

De enerzjy en it entûsjasme fan de jonge ploech slacht oer op it publyk. It segryn wat de lêste jierren oer Hearrenfean hong, is nei twa wedstriden al hast ferdwûn. Johnny Jansen: "Als ik hier door het stadion loop, dan zijn de mensen enthousiast. Daar ben ik superblij mee. Het is mooi om samen iets neer te zetten waar het publiek zich in herkent."

Heech ferwachtingspatroan Mitchell van Bergen

"Ik denk dat we supergoed zijn begonnen", sa seit Mitchell van Bergen. "Het grote verschil met vorig seizoen is dat we toen met Sam Lammers en Michel Vlap twee spelers hadden die er echt uit sprongen. Dit jaar zijn we meer een team."

Der wurdt dit seizoen in soad ferwachte fan Van Bergen. Guon tinke dat hy, no't Lammers en Vlap de klup ferlitten ha, de man is dy't it ferskil meitsje kin en moat. Mar Van Bergen tinkt dêr oars oer. "Ik denk niet dat ik de enige ben die het verschil moet maken. Je moet kijken naar het hele team. Natuurlijk wil ik heel belangrijk zijn en veel rendement hebben, alleen leg ik die druk niet bij mij neer."

"Mijn rendement moet dit seizoen wel echt hoger", seit Van Bergen. "Met Jens (Odgaard) hebben we een spits die goed is in de zestien. Ik denk dat ik op hem heel veel voorzetten kan geven. Ik denk dat mijn assists hoger moeten en goals hoop ik zoveel mogelijk mee te pikken. Ik hoop een stuk of tien."

FC Emmen

Emmen hat in minne start makke. De ploech fan Dick Lukkien hat noch gjin inkeld punt helle. Fan sawol FC Grins (0-1) as fan Ajax (5-0) waard ferlern. Op basis fan de ranglist is Hearrenfean favoryt, al is Johnny Jansen der net gerêst op.

"Dat wordt zeker geen 'makje'. Ze hebben een rechtsback die graag mee opkomt, een buitenspeler die aan de binnenkant speelt, ze hebben middenvelders die graag aan de bal willen komen, ze hebben een grote sterke spits. En Michael de Leeuw maakt veel diepte en is goed in de '16'. Ze hebben gewoon een heel aardig ploegje dat moeilijk te verslaan is."

Ferwachte opstelling: Hahn, Floranus, Botman, Dresevic, Woudenberg, Faik, Kongolo, Ejuke, Van Bergen, Odgaard en Bruijn.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)