Undernimmers Noardeast-Fryslân sette toeristyske peareltsjes op 'e kaart

Deputearre Avine Fokkens hat woansdei ferskate besiten brocht oan ûndernimmers yn de toeristyske sektor yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Wethâlder Jelle Boerema gie mei har mei, om sjen te litten hoe't entûsjaste ûndernimmers dwaande binne om Dokkum en omlizzende doarpen op de kaart te setten. De deputearre is ûnder de yndruk fan hoe't de ûndernimmers gearwurkje.
Jojanneke leit Fokkens út hoe't se gearwurket mei oare ûndernimmers © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Deputearre Fokkens brocht woansdei as earste in besite oan de 29-jierrige ûndernimmer Jojanneke Dijkstra út Dokkum. Sûnt seis jier is se direkteur fan it bedriuw Booking Dokkum, dat no acht histoaryske pannen yn de binnenstêd ferhiert oan toeristen. "Ik wurkje gear mei ynvestearders, dy't it pân oankeapje. Ik krij ferfolgens de romte om it gebou smaakfol yn te rjochtsjen en te ferhieren."
Dat konsept blykt suksesfol. De akkommodaasjes binne troch it jier foar goed santich prosint ferhierd, ek al sitte se yn it lúksere, hegere segmint. Oan de apparteminten is te sjen dat der each foar detail is. Sa binne de kleuren mei soarch keazen. Dijkstra: "Wy wolle hiel graach de histoaryske wearde fan de gebouwen behâlde. Troch de pannen as B&B te ferhieren, bliuwe de gebouwen yntakt en wurde se brûkt."
Jojanneke genietet fan de positive ferhalen yn it gasteboek © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Dijkstra makket ek tankber gebrûk fan sosjale media. "Booking Dokkum wurket gear mei sa'n 21 ûndernimmers út de omjouwing. Us gasten kinne bygelyks op ferskate plakken fergees wolkomsdrankjes helje en wy biede ek koartingsbonnen oan by winkels yn de binnenstêd." Dijkstra sels draacht faak merkklean fan spesjaalsaken út Dokkum. "En dat set ik dan ek wer op Instagram, dat minsken yn dy winkels sjen kinne nei dy kleanstyl."

Sprieding rekreaasje

Fokkens is bliid mei de opdiene ynformaasje. "We gaan binnenkort beginnen met de Startnotitie Recreatie & Toerisme voor de Staten. We hebben al aangegeven dat we ons meer willen focussen op spreiding van recreatie in de provincie, maar ook het gehele jaar door. Dus niet alleen de zomer, maar ook in de winterperiode. Ik zie dat de ondernemers hier in Dokkum al ontzettend veel doen om de toeristen hier naar toe te trekken en dat is zeker een compliment waard."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma wie derby yn Dokkum