Skjinmakaksje Nederlânske strannen: yn totaal 10.991 kilo ôffal ophelle

15 aug 2019 - 18:12

De frijwilligers dy't de ôfrûne twa wiken meiholpen ha mei de Beach Cleanup Tour hawwe yn totaal 10.991 kilo ôffal fan de Nederlânske strannen helle. Dat is yn totaal minder ôffal as ferline jier. Doe waard 11.163 kilo smoargens ophelle.

Foto: De Vries Media

Op de Waadeilannen waard dit jier wol mear ôffal ophelle as yn oare jierren. Yn Seelân waard sels twa kear safolle smoargens oantroffen as ferline jier, wylst de strannen yn Noard- en Súd-Hollân dit jier wat skjinner wiene.

Frijwilligers

Fan 1 oant 'e mei 15 augustus wiene 2.568 frijwilligers yn it spier om de Nederlânske strannen te himmeljen.

Dit jier waarden reidsjes en oar plestik apart ynsammele, om omtinken te freegjen foar de problemen dy't dit ôffal feroarsaket. Yn totaal waarden 4.936 stiks ôffal fan dit soarte opromme.

(advertinsje)
(advertinsje)