Wachtlisten foar hospices yn Fryslân

Der is in tekoart oan soarchplakken yn de saneamde hospices, foar pasjinten dy't net lang mear te libjen hawwe en net nei hûs kinne as se út it sikehûs komme. De lêste jierren wurdt it slimmer, benammen yn de simmer. Dat seit Rob van Boxtel, manager palliative soarch fan sikehûs MCL yn Ljouwert.
Wachtlisten foar hospice yn Fryslân
Fryslân hat fiif hospice-lokaasjes mei 23 keamers. Seis yn Ljouwert, fjouwer yn Harns, trije op It Hearrenfean, fjouwer yn Snits en seis yn Drachten. Mar der binne mear minsken dy't gebrûk meitsje wolle fan in hospice. Op it stuit is der sels in wachtlist.

Tekoart oan soarchferlieners

Maklik op te lossen is it probleem net, seit Van Boxtel, troch bygelyks in pear keamers by te bouwen. Want der is ek in tekoart oan soarchferlieners. It komt yn de praktyk faak oan op kreativiteit binnen de soarchsektor. Van Boxtel konstatearret dat der eins altyd in oplossing fûn wurdt, omdat wurknimmers yn 'e soarch kreatyf binne en fanút harren belutsenheid altyd alles dogge om in oplossing te finen.
Yttje Hoekstra fan Molenaar Klein hospice yn Harns herkent de situaasje dy't Van Boxtel sketst. Yn Harns is der op dit stuit gjin tekoart oan plakken. Mar as dit wol sa is, wykt it hospice foar in ekstra plak faak út nei ferpleechhûs De Spiker, dêr't it hospice yn ûnderbrocht is.

Elkoar opsykje

Neffens Hoekstra is kreatyf tinken en elkoar opsykje de bêste wize om de problemen oan te pakken. Oerlis tusken sikehuzen en thússoarch en hospices kin faak foar in oplossing soargje.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Rob van Boxel