Famylje yn Nijewier ferslein troch grutte brân yn lishinstâlen

15 aug 2019 - 16:48

De famylje Braaksma fan Nijewier is bot ferslein troch de brân op harren pleats woansdeitemoarn. By de brân giene twa stâlen mei dêryn 42.000 lishinnen ferlern. Op de pleats hat de technyske resjerzje tongersdei ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân, mar dy hat neat fine kinnen.

De stâlen wiene koartlyn noch ynspektearre en foldiene oan alle easken. De stâlen sille freed sloopt wurde. Yn de stâlen sieten krekt nije hinnen, dy wurde no romme. Ien stâl koe behâlden wurde; de hinnen dy't deryn sitte meitsje it goed.

Trefwurden: 
brân Nijewier lishinnen
(advertinsje)
(advertinsje)