Fierljeppen yn Burgum giet ek tongersdeitejûn net troch

15 aug 2019 - 15:27

De earste fierljepwedstriid fan de nasjonale kompetysje yn Burgum giet ek tongersdeitejûn net troch. De wedstriid gie woansdei ek al net troch fanwege it wiete waar. It fierljepbûn hopet dat it waar yn it wykein ferbetteret. De wedstriid stiet no foar moandeitejûn op de aginda.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Yn de nasjonale kompetysje ljeppe de bêste Fryske ljeppers tsjin de bêsten út Hollân.

Trefwurden: 
fierljeppen Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)