Cambuur yn deselde opstelling tsjin Go Ahead Eagles

15 aug 2019 - 14:53

Sportklup Cambuur begjint yn de earste thúswedstriid fan it seizoen, tsjin Go Ahead Eagles, yn deselde opstelling as ferline wike. Trainer Henk de Jong is dúdlik yn syn kar. "Wy binne mei wat dwaande, dus je moatte alles net fuort omsmite. Dan tinke dy jonges: 'wêr is dy trainer mei dwaande'? Mar de konkurrinsje binnen de groep nimt wol ta, dus der sil yn de takomst grif wol ris wat feroarje."

De Jong seach tongersdei noch koart werom op de wedstriid tsjin De Graafschap. "De pinepunten? Duels winne en taktysk goed fuotbalje, dêr gie it ferline wike benammen yn de twadde helte net goed. Wy witte dat it better moat. Mar it is in jonge groep en it moat groeie, want we wolle wol stappen meitsje. En tink der om: We wolle ek punten pakke he! Dat is wol lekker hear."

Twa folksklups

Mei Go Ahead Eagles as tsjinstanner stean der freedtejûn yn it Cambuurstadion twa folksklups tsjinoer elkoar. En Go Ahead Eagles hat in goeie ploech, sa seit De Jong. "Der sit in protte rûtine yn. It wurdt wer lestich. Mar ik hoopje dat der in protte publyk komt en dat dy de nedige stipe jaan sille."

Op it middenfjild is der in belangrike rôle foar Jamie Jacobs. It ferlies tsjin De Graafschap is ferwurke, sa seit hy. "De trainers hebben er deze week bovenop gezeten. En met het publiek er achter, kijk ik uit naar de wedstrijd."

Opstelling Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosh, Van Deelen; Maulun, Jacobs, Hoedemakers; Korte, Mühren, Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)