Nije gaswinplannen foar gemeente Smellingerlân kinne trochgean

15 aug 2019 - 14:24

Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat kin trochgean mei de nije gaswinplannen foar it bûtengebiet yn de gemeente Smellingerlân. Dat is bekend makke doe't de saak tongersdeitemiddei yn de Ried fan Steat behannele waard.

Foto: ANP

"Als het ministerie het wil, dan gebeurt het toch wel", sei de rjochter oer de gaswinning. It ministearje kin de gemeente oan de kant sette en in eigen bestimmingsplan foar gaswinning meitsje.

De gemeente Smellingerlân joech oan dat se gjin inkele ferantwurdlikheid nimme wolle foar de gasboarringen. Wethâlder Piet de Ruiter: "We hebben duidelijk aangegeven dat we nieuwe gaswinning in de gemeente niet willen." De minister sil sels de bestjoerlike ynstruminten ynsette moatte as hy nije gaswinning wol.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Juridysk stekspul

Tongersdeitemoarn fertelde Oebele Feenstra fan doarpsbelang De Wilgen/Smelle Ie dat hy ferwachtet dat it in juridysk stekspul wurdt. Krekt as in protte oare Fryske gemeenten is Smellingerlân tsjin nije gaswinning. De gemeente hat dit ferline jier fêstlein yn it bestimmingsplan. Dêryn stiet dat der gjin gaswinning mear tastien is yn it bûtengebiet.

De minister koe hjir beswier tsjin meitsje, mar hat dat net dien. Juridysk sjoen kin der dan gjin beswier mear makke wurde by de Ried fan Steat, mar neffens de Ried fan Steat makket dat yn dit gefal net út.

De útspraak fan de Ried fan Steat is oer ûngefear seis wiken.

Trefwurden: 
Smellingerlân gaswinning
(advertinsje)
(advertinsje)