Slingerjend ride troch drugs

05 jul 2012 - 12:38

De plysje hat tongersdeitejûn in 21-jierrige ynwenster fan Burgum fan de dyk helle dy't slingerjend troch Broeksterwâld ried. In tsjûge hie de plysje warskôge.

Op de Pieter Durksstrjitte hold de plysje har oan en waard dúdlik dat se ûnder ynfloed fan drugs wie. Yn har auto waard GHB en amfetamine fûn. Wylst de plysjeminsken mei har praten, rekke de frou út de tiid. In ambulânse hat har nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
drugs
(advertinsje)