Tydlike maatregels by ôfslach Snits-East fanwegen gefaarlike ferkearssituaasje

15 aug 2019 - 13:52

De gemeente Súdwest-Fryslân en Rykswettersteat nimme tydlik maatregels op de N7 by de ôfslach Snits-East fanwegen gefaarlike ferkearssituaasjes. Mei in proef fan twa wiken wurdt ûndersocht oft de ferkearssituaasje feiliger wurdt.

Op dit plak rint it moarns en jûns faak fol - Foto: Google Streetview

It ferkear stiet moarns en jûns yn de spits by de ôfrit Snits-East faak al stil op de N7. Troch in part fan de rotonde op it krúspunt Oppenhuizerwei en Lorentzstrjitte ôf te sluten, is de ferwachting dat it ferkear better trochstreamt.

Troch de ôfsluting moat it ferkear dat út de binnenstêd fan Snits komt en nei Ljouwert wol, 350 meter omride fia de oare rotonde oan de súdkant fan de N7. De tydlike ferkearsmaatregels fine plak fan 28 augustus oant en mei 11 septimber. Dêrnei sil de proef evaluearre wurde en socht wurde nei in feilige oplossing foar de langere termyn.

Foto: Google Maps
(advertinsje)
(advertinsje)