Alwer maleur by skipper Brouwer: "Yn twa dagen tiid mear meimakke, as yn de lêste 25 jier."

Der liket gjin ein te kommen oan de maleur by it skûtsje De Drie Gebroeders mei skipper Harmen Brouwer yn de IFKS. Noch net iens 24 oeren nei de brân op it skûtsje sylden se tongersdeitemoarn wer mei yn de C-klasse, mar doe gie it skûtsje om krekt foar de start fan de wedstriid.
© Gerrit Harmen Rypma
"Wy draaiden oer stjoerboard nei bakboard ta om te starten. In dikke wynpûst kaam yn it seil en dêr leine we om", fertelt Brouwer laitsjend. Mar dat wie foar him gjin reden om op te jaan. "As wy sile kinne, dan sile wy, tocht ik doe. Mei tsien minuten wiene wy ek wer oerein. Dat wie hielendal top."
Mar doe moast der noch in wedstriid syld wurde. Brouwer: "Dan moatst de holle der wol byhâlde. It túch en de fok omheech en gean." Tsjin alle ferwachtingen yn waard it skûtsje úteinlik ek noch njoggende en dat is neffens Brouwer noch nea earder bard.
Ferslachjouwer Andor Faber praat mei Harmen Brouwer oer alle maleur
© Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
It bemanningslid dat woansdei nei it sikehûs brocht is, omdat hy reek ynazeme hie by de brân, wie der tongersdei net by. Mar it giet wol wer better mei him. "Hy lei op de bank, doe't hy hearde dat wy omgongen. Dêrnei is hy hjir fuort hinne riden", fertelt Brouwer "Dat is Herman. Se ha him ophelle en hy is hjir no."