Wat leit der op de boaiem krekt bûten Starum?

15 aug 2019 - 11:55

De Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed begjint takom moandei mei in grut ûnderwetterûndersyk nei de Stavoren 18. De deskundigen speure tsien dagen lang nei restanten fan it histoaryske skip op de boaiem fan de Iselmar.

It wrak fan de Stavoren 17 - Foto: Rijksdienst voor Cultureel Ergoed

Hjoed de dei is de Iselmar in ridlik rêstich stik wetter. Mar dat hat hiel oars west, yn de tiid dat de mar noch de Sudersee wie binne der gauris skippen yn de problemen kaam. Ien dêrfan is de Stavoren 18. Inkele kilometers út de kust fan de stêd moatte de restanten lizze.

It wrak is jierren lyn mei sonarapparatuer ûntdutsen troch de frijwilligers fan de Landelijke Werkgroep Archeologie Onder Water. Sy binne al sûnt 1999 dwaande mei de Stavoren 18. Frijwilligers dûke regelmjittich op it plak dêr't it skip sonken is, en by dy dûkekspedysjes binne ek al inkele saken boppe wetter helle, lykas in leppel út 1751.

It ûndersyk fan takom wike moat yn byld bringe oft der noch wat fan de skipskonstruksje te sjen is, en oft der noch oare saken op de boaiem lizze.

Meidwaan oan ûndersyk

De Rykstsjinst wol it ûndersyk brûke om minsken mei ynteresse yn ûnderwetterarcheology by har wurk te belûken. Minsken krije de kâns om te oefenjen as amateur archeolooch, yn frij ûndjip wetter en mei mar in bytsje streaming. "Vanwege de strenge regelgeving voor duiken op wrakken is dit een unieke kans om ervaring op te doen", seit archeolooch Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

It wrak bliuwt op de boaiem lizzen en wurdt yn kaart brocht. As bliken docht dat de Stavoren 18 beskerming nedich hat tsjin bygelyks de streaming, dan dekke de dûkers it fynplak foar in part ôf mei stegergaas en grûn.

It is net foar it earst dat der in histoarysk skip út Starum fûn wurdt. Yn 2014 is der wiidweidich ûndersyk dien nei de Stavoren 17 (pdf), dy't ek flak foar de stêd yn it wetter leit.

(advertinsje)
(advertinsje)