Ternaarder driget mei bile
In 22-jierrige man út Ternaard is woansdei oppakt omdat er twa kennissen mei in bile te liif soe. De Ternaarder hie spul mei de twa, in 32-jierrig frou út Burdaard en in 43-jierrige Holwerter.
De plysje hold him op de Stiennendaamsreed by Burdaard tsjin en fûn de bile yn syn auto. Hy is oppakt foar bedriging.