Presintaasje rêdingsaksje fan Sybrandy's Speelpark

Hoe moat it Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum rêden wurden? Dat plan presintearret ûndernimmer Sjerp Jaarsma takom moandei yn it doarp.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Jaarsma, eigener fan strânpaviljoen De Hege Gerzen yn Aldemardum, wol alle attraksjes opkeapje en ferpleatse nei syn terrein. "It is in spannende tiid, oer alve dagen sil it park definityf slute."
Yn april fan dit jier waard bekend dat it attraksjepark definityf syn doarren slute soe. Eins soene de attraksjes op 1 augustus al oanmelden wurde by it feilinghûs, mar krekt dêrfoar melde Jaarsma him. Dat barde sa let, omdat der earder noch oare potinsjele keapers wiene.
Sjerp Jaarsma by de Sky Ride © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Yntusken is der in tasizzing fan 100.000 euro fan ûndernimmers út de buert, de saneamde Club van 500. Fierder hat Jaarsma no 5.000 hantekens garre.
Takom freed sil Jaarsma sels in dei 'staazjerinne' yn it park. "Mocht de rêding slagje, dan haw ik in idee hoe't in dei op it Sybrandy's Speelpark derút sjocht", seit Jaarsma.