Swurd fan Grutte Pier op reis

05 jul 2012 - 12:25

It swurd fan Grutte Pier dat gewoanwei yn it Fries Museum te sjen is, is tongersdei op reis gien nei Rotterdam. Dêr krijt it Maritiem Museum it yn brûklien foar in eksposysje oer piraten. Bern fan basisskoalle de Marnewier út Kimswert, dêr't Grutte Per wenne hat, reizgje mei it swurd mei. Twa bern meie mei yn de frachtauto dêr't it swurd mei ferfierd wurdt.

Yn Rotterdam wurdt it yn ûntfangst naam troch learlingen fan de Nieuwe Park Rozenburgschool.

Trefwurden: 
Rotterdam swurd Grutte Pier
(advertinsje)
(advertinsje)