Betinking rêdingsaksje op it Amelân: "Al dy boeren stiene mei de triennen yn de eagen"

15 aug 2019 - 10:23

It wie in yndrukwekkende betinking woansdei op it Amelân. De rêdingsaksje wêrby't acht hynders ferdronken binne, wie woansdei eksakt fjirtich jier lyn, mar hat no noch ympakt op it eilân.

Foto: Omrop Fryslân

Op 14 augustus 1979 rekke de wein mei de acht hynders yn in mui en waard dy de djipte yn lutsen. Dat barde by it helpen fan in Dútsk jacht. De acht hynders ferdronken allegearre yn de see. Ben van der Laag wie njoggen jier doe it ûngelok barde en hat alles sjoen.

Myn heit gong it wetter yn om de hynders los te snijen.

Ben van der Laag

"Myn heit sei: wy gean nei it strân. Ik bin meigongen op myn lytse fytske". fertelt Van der Laag, "As wy op it strân komme mei de hynders gean se it wetter yn. Myn heit sei doe: it giet mis en gong ek it wetter yn om de hynders los te snijen."

Dêr stie Van der Laag op it strân mei de broek fan syn heit en de piper fan de brânwacht yn de hannen.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie woansdei op It Amelân en prate mei Ben van der Laag

Yn in pear minuten wie it wol klear, doe wiene se fuort sei Van der Laag. Hy kin him foaral de gesichten fan de boeren goed foar de geast helje. "Al dy boeren stiene mei de triennen yn de eagen."

De betinking

Krekt as 40 jier lyn gong de rêdingsboat woansdei fan it Maritiem Centrum "Abraham Fock" rjochting it strân. Op de rûte kaam de boat by it hyndergrêf del om blommen del te lizzen. Dêrnei is de boat nei it strân gong foar in demonstraasje.

"De demonstratie is prima verlopen en ook de herdenking", fertelt Joop de Jong, direkteur fan stichting Amelander Musea. "Dat is toch altijd een bijzonder moment. Het wordt erg gewaardeerd door onze mensen en er was ook veel publiek."

Foto: Omrop Fryslân

Nei de betinking gean in soad fan de belutsenen de kroech yn. Dat is tradysje, seit De Jong. "Het heet 'gelach halen'. Dat is van oudsher door de reddingsmaatschappij vastgesteld. Alle redders en betrokkenen krijgen twee borrels en een sigaar na een redding. Die traditie houden we graag in ere."

(advertinsje)
(advertinsje)