Kollum: "Tornado"

15 aug 2019 - 09:08

"Ik hie him. Ferline wike freed. Dy "tornado" boppe Amsterdam. Ik hie him op film. Ja, ja, wynhoas, wetterhoas en och ha dy Amsterdammers ek wat hear. Yn Fryslân ha wy trije wynhoazen op in dei, ja dat sil allegearre wol. Mar dizze wie no ris boppe Amsterdam en ik ha yn al dy jierren dat ik hjir wenje noch nea in wynhoas yn de stêd sjoen. En no wie er der al en ik hie 'm. Ik ha him filme.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

De tsjustere wolken begûnen te tollen en ik rjochte de kamera fan myn telefoan der op. De wolk sakke ûnder wat út en in wite sliert wie te sjen. En in pear sekonden letter wie der in slurf, dy't ik efter de huzen nei de grûn gean seach. It wie yn de rjochting fan it Oosterdok, in stik wetter tusken de âlde stêd, wittenskipsmuseum Nemo en it stasjon. Logysk plak ek, omdat dêr de romte is en de slurf net remme wurdt troch bebouwing. It duorre mar efkes, doe waaide er al út inoar.

Ik draafde nei myn kompjûter. De telefoan wie al oan it syngronisearjen en sa kaam it filmke yn de koartste kearen op Twitter. Myn filmke waard ien fan de filmkes dy't toand waard op in ferskaat oan media. De spektakulêrste dêrfan, alteast fan it tichtst by filme, is makke fan út in wenboat op it Oosterdok, wêr'tst de wyn- of wetterhoas, of tornado, echt yn it wetter stean sjochst. It giet mâl, en der fljocht ek wat pún yn de romte. Dat der gjin ferwûnen fallen binne is in merakel, want it is by ien fan de drokste plakken fan 'e stêd.

It is wol aardich om as sjoernalist ris in kear per ûngelok foaroan te stean. Ik wit net krekt wat foar byld minsken ha fan it wurk dat in sjoernalist docht, mar 'storm chaser' bin ik mar selden. Echt foaroan stie ik no ek wer net - dan hie ik op it Oosterdok wêze moatten - mar al mei al bin ik net ûntefreden mei myn filmke. En op it gefaar ôf ûnmooglik arrogant neamd te wurden: myn filmke wie al ien fan de betteren.

Om te begjinnen wie it horizontaal filme, en net fertikaal, wat blykber tsjintwurdich al de standert is, sjoen de oare filmkes. Ja, dan hast de slurf wol yn byld, mar de kontekst ûntbrekt. Twads hâld ik myn telefoan reedlik stil. Oare filmkes stuiterje alle kanten op, of túnsproeierje mar wat om en dan moast as sjogger mar besykje net mislik te wurden. En ik filme mei it rút iepen, en net troch it glês, mei drippen der op en wjerspegelingen.

Der is noch in reden en dêr bin ik einliks noch it meast grutsk op. Want wêr't de oaren harren kamera pas oan setten doe't de slurf al stie, wie ik der al fier fan te foaren by. It reinde dat it eaze, tsien minuten fan te foaren. Mar op in bepaald stuit hâlde dat abrupt op. En doe begûn it wer, like abrupt en mei drippels sa grut as in fingerhoedsje. En hâlde it wer abrupt op. As stie myn hûs ûnder in bereinerij. Doe realisearre ik my dat der wat yn de loft oan de hân wêze moast.

Ik rûn nei de efterkant fan myn hûs en seach doe dy swarte wolk, boppe yn rôljend en razend as in wylde. Ik pakte doe al myn telefoan om it te filmjen. Op dat filmke sjochst al hoe't de wolk begjint te tollen en in earste spiraalwolkje foarmet. Dan draaf ik nei de foarkant, en filmje dêr wat úteinlik nasjonaal nijs wurden is. Ja wat oerdreaun, mar wist, ik meitsje normaal net safolle spektakel mei, gun my ek ris in boppe-op-it-nijsmomintsje.

Oh, en dat fan dat 'tornado', dat ha ik net sels betocht. Waarfrou Helga van Leur retweete myn filmke, en skreaun der by: zie je ook de wolk erboven uitzakken en indraaien. In dat geval kan het ook onder de definitie 'tornado' vallen (die toevallig over het water raasde). Spectaculair voor Nederlandse begrippen!

Sjoch, dochs wer in Fryske boeresoan dy't oan it fallen fan it reinwetter wat fernimt en op 'e tiid wolken begjint te filmjen. Tsjoch op!"

(advertinsje)
(advertinsje)